Marwin Talsma slút EK allround ôf mei twadde plak op 10 kilometer

17 jan 2021 - 15:05

Marwin Talsma is op syn earste Europeesk kampioenskip allround as sânde einige. Op de slotdei waard de Grouster tolfde op de 1500 meter en twadde op de 10 kilometer. De titel gong mei oermacht nei Patrick Roest, hy folget Sven Kramer op as Europeesk kampioen. It sulver is foar Marcel Bosker, brûns foar Sverre Lunde Pedersen.

Marwin Talsma

Utslach Europeesk kampioenskip allround manlju

1. Patrick Roest 147.745
2. Marcel Bosker 149.806
3. Sverre Lunde Pedersen 149.828
4. Nils van der Poel 150.166
5. Hallgeir Engebråten 150.172
7. Marwin Talsma 150.945
Marwin Talsma - Foto: Orange Pictures

1.500 meter

Marwin Talsma ried op de 1.500 meter nei 1.48,66 en it tolfde plak. De oerwinning gong nei Patrick Roest yn 1.45,53. Hy fersloech Sverre Lunde Pedersen yn in streekrjocht gefjocht. Pedersen waard tredde efter syn lângenoat Hallgeir Engebråten.

Nei de 1.500 meter stie Talsma op it tsiende plak yn it algemien klassemint. Der meie mar acht meidwaan oan de ôfslutende 10.000 meter ride. Troch syn goede 5.000 meter op sneon, siet Talsma dêrby.

Utslach 1.500 meter manlju

1. Patrick Roest 1.45,53
2. Hallgeir Engebråten 1.46,14
3. Sverre Lunde Pedersen 1.46,20
4. Marcel Bosker 1.46,66
5. Bart Swings 1.47,11
12. Marwin Talsma 1.48,66

10.000 meter

Talsma kaam op de lêste ôfstân as earste yn aksje, tsjin de Sweed Nils van der Poel. Yn it earste part fan de rit naam Van der Poel al in foarsprong, mar Talsma koe wol rûntsjes yn de 30 ride. De Sweed rûn almar fierder út en ried úteinlik nei in persoanlik rekôr fan 12.42,80. Dat wie úteinlik ek de winnende ôfstân. Talsma einige op mear as in heal rûntsje efterstân yn 13.01,07. Dochs bleau er dêrmei alle riders út de lêste trije ritten foar. Sa slút de debutant syn EK ôf mei in sulveren ôfstânsmedalje.

Patrick Roest ried yn de slotrit nei 13.03,08. Dat wie mear as genôch om syn foarsprong yn it klassemint te behâlden.

Utslach 10.000 meter manlju

1. Nils van der Poel 12.42,80
2. Marwin Talsma 13.01,07
3. Patrick Roest 13.03,08
4. Marcel Bosker 13.16,25
5. Hallgeir Engebråten 13.17,97
(Advertinsje)
(Advertinsje)