Antoinette de Jong sûnder sliep nei twadde allroundtitel: "Ik bin in killer"

De ferromming op it gesicht fan Antoinette de Jong wie dúdlik. De Rottumse pakte snein foar de twadde kear yn har karriêre de Europeeske allroundtitel, mar se hat der wol oer yn sitten. "Ik ha fannacht echt net slept. Ik tocht: it sil my net gebeure dat ik hjir wer twa minne ôfstannen ryd." Dat die se ek net, se pakte mei oertsjûging de titel.
Antoinette de Jong
De Jong baalde sneon flink, benammen fan har trije kilometer. "Ik ried net mei lef. Ik besocht wol om wat rêst te pakken, mar dat slagge net. Fannacht gongen alle races de hiele tiid troch myn holle."
Antoinette de Jong © Orange Pictures
Al wie De Jong net tefreden oer har earste dei, se gong wol oan de lieding yn it klassemint. Dy lieding ferdigene se snein mei sukses: De Jong wûn de 1500 meter en hie dêrnei in grutte foarsprong op de slotôfstân. "De 1500 meter gong hiel goed", fûn De Jong sels ek. "Ik wie echt bliid mei myn tiid en ik sloech bêst in gat mei Irene (Schouten, red.)."
Antoinette de Jong © Orange Pictures
Op de ôfslutende 5000 meter kaam dy foarsprong net yn gefaar, al fûn De Jong it sels noch wol spannend. "Ik tocht: it binne mar tolve rûntsjes, it binne mar tolve rûntsjes, it binne mar tolve rûntsjes. De lêste rûntsjes gongen wol hiel stadich foarby. Ik hie gelokkich wat speling, mar ik woe ek in goede race delsette. Dat is slagge, in hiel moai momint."

Net gau opjaan

Sûnder te sliepen Europeesk kampioen wurde, dat slagget net elkenien. "Ik bin wol in killer", omskriuwt De Jong harsels. "Ik jou ek net sa gau op. Ik woe sá graach dizze Europeeske titel. It wie net myn bêste wykein, mar wol goed genôch."
Ik wit wol: as ik wat wol, doch ik der alles oan om dat te heljen.
Antoinette de Jong
It binne foar de reedriders ek aparte tiden. Se sitte yn in spesjale 'bubbel', sûnder kontakt mei de bûtenwrâld. En dy bubbel duorret ek noch wol in skoftke, want der komme noch in pear ynternasjonale toernoaien oan. "Dat is bêst wol yntins", seit De Jong. "Ik mis myn famylje no al. Ik mis myn freon ek. Ik mis gewoan myn frijheid, dêr bin ik wol achterkaam. Mar ik wit wol: as ik wat wol, doch ik der alles oan om dat te heljen."