Fryske CDA-pommerant: "Wopke hie gjin listlûker wurde moatten"

17 jan 2021 - 14:25

Fryske CDA-pommerant Albert van der Ploeg fynt dat Wopke Hoekstra gjin listlûker fan de kristendemokraten wurde moatten hie. "De taslagge-affêre hat skerp dúdlik makke dat it systeem siik is. It moat yn de takomst folslein oars en dan moatte jo net mei minsken as listlûker komme dy't no yn it kabinet sitte. Dat jildt foar Wopke Hoekstra, mar ek foar Mark Rutte", sa sei âld-CDA-wethâlder Van der Ploeg yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries.

Mirka Antolovic, Albert van der Ploeg en Gerrit Breteler - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Van der Ploeg hie leaver Pieter Omtzigt as de nûmer ien foar syn partije sjoen: "Dy hat krekt altyd kritysk west op dat systeem."

Gaswinning

Neffens Van der Ploeg stean de problemen fan de taslagge-affêre net op him sels. "Ek by de gaswinning yn Grinslân gie fan alles mis en waarden de belangen fan de gewoane minsken út it each ferlern. Dêr hie it kabinet ek op fallen kinnen. Der binne sa'n soad regels dêr't minsken oan foldwaan moatte. En dy binne eins allegear basearre op wantrouwen."

Foarumlid Mirka Antolovic (PvdA-Ljouwert) merkte dêr by op dat soks dan wer net jildt foar de grutte bedriuwen. "Die vinden juist wel altijd een luisterend oor." Tredde foarumlid Gerrit Breteler fan Nes is kandidaat-keamerlid foar de nije partij NLBeter. Hy fertelde dat syn partij krekt ûntstien is, om't de besteande systemen fêst rinne. "Dat moatte jo feroarje mei positive enerzjy en nije frisse minsken fan bûten de polityk."

fragmint út it Nijsfoarum fan Buro de Vries

(Advertinsje)
(Advertinsje)