Opnij puntferlies foar SC Cambuur: Ljouwerters net fierder as lykspul by NEC

Sportklup Cambuur hat foar de twadde wike op rige punten ferspile. Nei it ferlies fan in wike lyn tsjin FC Volendam kamen de Ljouwerters snein net fierder as in lykspul by NEC. It bleau 0-0 yn Nijmegen. Cambuur stiet noch wol boppe-oan yn de earste difyzje, mar Almere City hat no likefolle punten.
© Orange Pictures
De thúsklup wie feller oan it begjin fan de wedstriid, mar in soad kânsen smiet dat net op. Cambuurdoelman Sonny Stevens moast in pear kear yn aksje komme, mar hold syn goal sûnder al te folle muoite skjin.
De Ljouwerters hienen yn it ferfolch fan de earste helte in stik mear balbesit as NEC. Offaller wie lykwols it útfallen fan oanfaller Giovanni Korte, hy moast nei de kant en waard ferfongen troch Jarchinio Antonia. Dy lêste stie oan de basis fan in goede oanfal oan de ein fan de earste helte. Hy joech de bal oan Doke Schmidt, dy't spits Robert Mühren socht. Dy koe syn foet net goed tsjin de bal krije. Trije minuten letter wol, nei't er de bal krige fan Issa Kallon. Mar diskear rekke Mühren de peal.

Alwer de peal

Yn it begjin fan de twadde helte gebeurde der mear foar beide goals. Earst wie Tavsan ticht by de iepeningstreffer foar NEC, even letter krige Mühren wer in kâns en Issa Kallon rekke de peal mei in skot fan bûten it strafskopgebiet.
De wedstriid spile him mear en mear ôf op de helte fan NEC, der wienen ek in pear spannende mominten foar it doel fan de thúsploech, mar Cambuur kaam nea mear echt ticht by in treffer. It bleau dêrom 0-0 yn Nijmegen.

Twa koprinners

Cambuur bliuwt koprinner yn de earste difyzje, mar yntusken hat Almere City likefolle punten. Allinnich it doelsaldo fan de Ljouwerters is better. It ferskil mei de nûmer trije, De Graafschap, is seis punten. Dat is belangryk foar de striid om promoasje.
Opstelling SC Cambuur: Sonny Stevens; Doke Schmidt, Calvin Mac-Intosch, Joris Kramer, Alex Bangura; Jamie Jacobs, Mees Hoedemakers, Mitchel Paulissen (68/Robin Maulun); Giovanni Korte (32/Jairchinio Antonia), Robert Mühren, Issa Kallon
NEC - SC Cambuur 0-0 (0-0)