Antoinette de Jong is foar de twadde kear Europeesk kampioen allround

Reedrydster Antoinette de Jong hat snein yn Thialf har twadde Europeeske allroundtitel wûn. Op de ôfslutende 5000 meter waard se tredde, dat wie mear as genôch om de lieding yn it klassemint te behâlden. Earder op snein wûn De Jong de 1500 meter. De Rottumse prolongearret har titel fan twa jier lyn, doe't se yn Collalbo (Italië) de bêste allroundster wie.
Antoinette de Jong © Orange Pictures
De Jong waard sneon tredde op de 500 en de 3000 meter en gong dêrmei al oan de lieding yn it klassemint. Snein wûn se op de 1500 meter yn in direkt duel fan har konkurrinte Irene Schouten en dêrmei fergrutte se har lieding. Se ferdigene op de 5000 in foarsprong fan hast tsien sekonden: Schouten wûn de ôfstân, mar de titel fan De Jong kaam nea yn gefaar.
It sulver yn it einklassemint gong nei Irene Schouten, it brûns wie foar Martina Sáblíková.

Utslach Europeesk kampioenskip allround froulju

1. Antoinette de Jong 159.303
2. Irene Schouten 160.056
3. Martina Sáblíková 160.320
4. Natalia Voronina 161.300
5. Joy Beune 161.619

1.500 meter

De earste ôfstân fan de twadde dei stie foar De Jong yn it ramt om de foarsprong op Schouten safolle mooglik te fergrutsjen. Dat slagge, want De Jong ried yn in streekrjochte rit tsjin Schouten nei 1.54,83. Dat wie de winnende tiid, foar nûmer twa Evgeniia Lalenkova en nûmer trije Joy Beune. Schouten waard achtste, wêrtroch't de foarsprong fan De Jong foar de lêste 5.000 meter hast tsien sekonden wie.

Utslach 1.500 meter froulju

1. Antoinette de Jong 1.54,83
2. Evgeniia Lalenkova 1.55,49
3. Joy Beune 1.55,89
4. Martina Sáblíková 1.56,17
5. Elizaveta Golubeva 1.56,64

5.000 meter

Yn de lêste rit fan de 5.000 meter stie De Jong tsjinoer Irene Schouten, de nûmer twa yn it klassemint. Schouten moast tsien sekonden goedmeitsje, mar kaam nea yn de buert. De Jong pakte yn it begjin fan de rit sels in foarsprong. Uteinlik gong de rit wol nei Schouten, mar it ferskil tusken de twa wie minder as trije sekonden: 6.55,38 om 6.57,72. De winst op de lêste ôfstân gong nei de Tsjechyske Martina Sáblíková, yn 6.53,22.

Utslach 5.000 meter froulju

1. Martina Sáblíková 6.53,22
2. Irene Schouten 6.55,38
3. Antoinette de Jong 6.57,72
4. Natalia Voronina 7.00,67
5. Joy Beune 7.06,79
Jillert Anema is de trainer fan de nûmer twa, Irene Schouten. Sjoch hjir nei syn reaksje.