Brân yn pleats yn De Westhoek; fjoer is ûnder kontrôle

17 jan 2021 - 12:03

Yn in pleats oan de Oudebildtdijk yn De Westhoek wie snein oan de ein fan de moarn brân útbrutsen. Dy ûntstie yn it dak. De brânwacht sette meardere korpsen yn om't it fjoer him nei it wenhûs derby ferspriede soe. Ek wie in grutwettertransport ynset. Nei in lytse twa oeren wie it fjoer ûnder kontrôle. In part fan it wenhûs is ferlern gien. In oar part hat wetter- en reekskea.

Foto: SRFotografie

Neffens de brânwacht soe de eigener op 'e tiid nei bûten kommen wêze.

Der kaam in soad reek frij dy't fan fier ôf al te sjen wie. De reek luts oer Sint-Jabik. Yn ferbân mei dy reek wie in NL-Alert ferstjoerd mei de warskôging foar omwenners om doarren en ruten te sluten.

Foto: Kappers Media
Foto: Douwe Gerlof Heeringa
Trefwurden: 
brânwacht brân De Westhoek
(Advertinsje)
(Advertinsje)