HT-roeirace giet foar twadde jier op rige net troch

17 jan 2021 - 11:26

De organisaasje fan de jierlikse HT-roeirace hat in streek set troch de edysje fan dit jier. Dat is mei it each op it coronafirus. De organisaasje seit dat ferskate belutsen ynstânsjes gjin fergunnings jaan kinne, omdat it firus noch net ûnder kontrôle is.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Ferline jier koe der ek al net roeid wurde tusken Harns en Skylge, ek al fanwegen corona. De race hie dit jier yn juny wêze sillen.

De organisaasje set no yn op takom jier. De startlist fan ferline jier wurdt no dy foar takom jier, hat de organisaasje besletten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)