Soarchgroep Alliade stjit trije supermerken ôf; se wurde oernaam

17 jan 2021 - 11:03

Soarchgroep Alliade stjit trije supermerken ôf dêr't kliïnten fan Alliade wurkje by wize fan deibesteging. It giet om de supermerken yn Wurdum, Aldeboarn en Toppenhuzen. De supermerken geane net ticht, se wurde oernaam troch Centerrr.

Foto: Shutterstock.com

Dat is in organisaasje dy't ek al in tal supermerken útbaat dêr't minsken wurkje dy't in ôfstân ha ta de arbeidsmerk.

Earder die Alliade de supermerk yn Eastersee ek al fan de hân. De soarchorganisaasje fynt it útbaten fan supermerken net ien fan de kearntaken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)