Warskôging: troch snieresten kin it noch glêd op de diken wêze

Rykswettersteat warskôget dat it sneintemoarn troch snieresten op guon plakken noch glêd op de diken wêze kin. Bestjoerders moatte dêr rekken mei hâlde en har rydgedrach oanpasse.
Piet Paulusma foarseit foar dizze sneintemoarn earst noch in buike. Yn it easten fan de provinsje noch efkes wat snie en kâns op izel.
Yn de middei ek sinne en oergong nei drûch waar. Yn it easten bliuwt it berûn mei 3 of 4 graden oant 6 en 7 graden earne oars. Yn de nacht wer ferriederlik glêd mei 0 oant 2 graden.

Foar de rest fan it lân

Foar de eastlike helte fan Nederlân jildt dat it noch glêd is troch snieresten, it befriezen fan wiete diken en izel. Yn de rin fan de snein wurdt it waarmer ferdwynt de snie.
Eastlik fan de line Ofslútdyk - Utrecht - Tilburg komt noch glêdens foar.
Healwei de moarn is it noch glêd eastlik fan Ljouwert - Zwolle - Arnhem en om it middeisoere hinne ferwynt as lêste de glêdens út Twinte, it easten fan Drinte en it easten fan Grinslân
Yn it westen is de snie al fuort en leit de temperatuer flink boppe nul.