LDODK wint by start fan Kuorbal League fan Groen Geel

LDODK hat sneontejûn de earste wedstriid yn de Kuorbal League wûn. Op De Gordyk wie de Fryske ploech mei 23-18 te sterk foar Groen Geel út Wormer.
© Orange Pictures
LDODK hie by it skoft al in gat fan fiif punten slein mei de besikers út Noard-Hollân. Under mear troch trije doelpunten fan Marloes Frieswijk stie it 12-7.
De twadde helte gie hieltyd lykop, en dat wie geunstich foar de thúsploech, want dêrmei bleau de marzje fan fiif beholden: 23-18.
Fanwegen it coronafirus is de Kuorbal League dit seizoen opdield yn twa pûls fan seis. De top fjouwer fan elke pûl pleatst har foar de play-offs om it lânskampioenskip.