Aris Ljouwert wint foar twadde kear seizoensiepener fan The Hague Royals

16 jan 2021 - 21:14

Aris Ljouwert hat sneontejûn de earste kompetysjewedstriid nei de werstart fan de kompetysje wûn. Op besite by The Hague Royals wiene de Ljouwerters mei 66-86 te sterk. Craig Osaikhwuwuomwan wie mei 24 punten de topskoarer by Aris.

Foto: Orange Pictures

Nei it earste kwart seach Aris noch tsjin in efterstân oan: 20-15. Dy efterstân waard yn it twadde kwart wer goedmakke. Chad Frazier makke op slach fan it skoft in trijepunter en brocht dêrmei de stân nei 33-34.

Nei it skoft die dan úteinlik it kwaliteitsferskil tusken Den Haag en Aris bliken. De Ljouwerters wûnen it tredde kwart mei 29-13 en rûnen dêrtroch út nei 46-63. De oerwinning kaam yn it fjirde kwart net mear yn gefaar. Aris rûn sels noch út nei 66-86.

Ek yn oktober fan ferline jier wie de wedstriid tsjin The Hague Royals de earste wedstriid fan it seizoen foar Aris (81-63 oerwinning). Dy útslach is troch it bestjoer fan de Dutch Basketball League lykwols skrast, om't se de kompetysje kompleet opnij opstarte woene.

Alle ploegen spylje no ien kear tsjin inoar, wêrnei't de boppeste seis en de ûnderste seis teams in nije kompetysje foarmje. Dêryn wurdt útmakke hokker teams nei de play-offs om it lânskampioenskip gean. De teams yn de winnerspûl binne al wol wis fan de play-offs, mar sy spylje noch foar in bettere útgongsposysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)