VC Snits by werstart hurd ûnderút tsjin Sliedrecht Sport

16 jan 2021 - 21:10

De follybalsters fan VC Snits hawwe sneontejûn in minne werstart fan it seizoen belibbe. Op besite by Sliedrecht Sport waard der mei 3-0 ferlern.

Foto: Orange Pictures

Yn de earste set hie VC Snits al gjin gryp op de regearjend lânskampioen. Dy set waard dan ek ferlern: 25-14. Yn de twadde set kamen de Fryske follybalsters wat better yn de wedstriid. Dat levere sels twa setpunten op, mar dy waarden net benut. De set gie dêrtroch mei 27-25 nei Sliedrecht. Dy klap kaam Snits yn de tredde set net mear te boppen. Ek dy gie nei Sliedrecht, mei 25-11.

De earedifyzje fan it follybal waard yn oktober fan it ferline jier stillein fanwegen it coronafirus, mar gie sneon fierder wêr't it doe einige. VC Snits hie op dat stuit noch mar ien wedstriid spile. Dy waard mei 3-0 wûn fan FAST.

(Advertinsje)
(Advertinsje)