Plysje docht ynfal yn Ljouwerter kafee dat lockdown negearret

16 jan 2021 - 22:42

De plysje hat in ynfal dien yn in kafee yn Ljouwert, dat de lockdown negearre. Der wiene 15 minsken binnen. Dy ha allegearre in boete krigen. Dat meldt de gemeente.

Foto: AS Media

Sûnt 14 oktober moatte hoarekasaken de doarren ticht hâlde, om fersprieding fan it coronafirus foar te kommen. By Café 't Wap oan it Willem Alexanderplein yn Ljouwert waard dy maatregel negearre.

De gemeente meldt dat hanthaveners en plysjes troch de sydyngong nei binnen gien wiene. Dêr wiene bewakingskamera's en magneetdoarren, sadat allinne minsken mei in útnûging der yn litten wurde koene.

Poker en kannabis

Binnendoar waard yllegaal gokt: der waard poker spile. Der waard smookt, ûnder oare kannabis. En achter it kafee waard gebrûk makke fan in romte dêr't gjin hoarekafergunning foar wie. De gemeente hie earder sinjalen krigen dat der 'yllegale aktiviteiten' wiene.

Alle minsken dy't der wiene, ha in boete krigen fan 95 euro, omdat se har net oan de coronamaatregels holden. De kafeebaas hat in ferklearring jûn. Hy sil letter heard wurde troch de plysje. Dêrnei wurdt bepaald watfoar straf oft er krijt.

Trefwurden: 
plysje kafee 't Wap coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)