Jelmer Chardon wiis mei tophynst Jurre 495: "Hy is der wer"

16 jan 2021 - 22:31

Eigner Jelmer Chardon hie it fertrouwen noch net ferlern, doe't syn Jurre 495 gjin kampioen waard by de jonge hynsten. Hy wist dat it algemiene kampioenskip der noch yn siet, ek al wie de kâns mar lyts. "Ik sei tsjin de foarbringer: 'kop der foar, witst noait hoe't it komt!'"

Foto: Omrop Fryslan

Jurre 495 wie trije kear earder algemien kampioen. Dat wie yn 2019, 2018 en 2017. "It ôfrûne jier wie er minder goed. Mar hy is der wer", seit Chardon. "Je witte soms net wêr't it oan leit. It binne hynders. En wy binne minsken. De druk wie heech."

Foar it earst wie der dit jier gjin publyk by de keuring, fanwege it coronafirus. "Jurre is hiel koel, ik tink dat it him net útmakket", seit Chardon. "Foar ús is it wol spitich. Je wolle de sjo stelle."

Jelmer Chardon

It is opfallend dat Jurre kampioen waard, want yn syn eigen kategory waard er twadde. Teun 505 wie de bêste by de jonge hynsten. Eigener Tjalling de Boer baalt dêrfan. Hy wie kaam foar de winst.

"Ik bin bliid dat er it safier skopt hat, mar der sit in 'mar' oan. Hy falt bûten de prizen. Dat is soer."

Tjalling de Boer

"Ik wie hjir kaam foar it kampioenskip. Dat is miskien net ferstannich, mar ik wist dat er it koe. Mei dy ynstelling binne je net gau tefreden. Mar it moat noch even besakje. It is net gebrûklik, wat hjir bard is."

"Apart beslút fan de sjuery"

Hynsteman Age Okkema neamt it beslút fan de sjuery, om de reservekampioen kampioen te meitsjen, "wat apart". Syn hynst Jehannes 484 waard kampioen by de âldere hynsten. "Ik hie tocht, se pakke de beide âlde hynders, as kampioen en reservekampioen."

"Hjir hie ik net op rekkene. Mar klear, it is super foar Jelmer, en Jurre wie hiel bêst. Je kinne der fanalles fan tinke, mar je tinke altyd wat oars as de sjuery."

Age Okkema

(Advertinsje)
(Advertinsje)