'Reservekampioen' Jurre 495 wint Fryske Hynstekeuring yn Drachten

16 jan 2021 - 17:10

De hynst Jurre 495 is foar de fjirde kear algemien kampioen wurden by de jierlikse keuring fan it Frysk Hynstestamboek. Reservekampioen waard Jehannes 484. De winst is opfallend, want by de striid tusken de jonge hynsten waard Jurre 495 gjin kampioen.

Jurre 495 wint Fryske Hynstekeuring

Jurre 495 wie trije kear earder algemien kampioen. Dat wie yn 2019, 2018 en 2017.

De hynst Jehannes 484 waard kampioen by de âldere hynsten. Nane 492 waard yn dy kategory reservekampioen. By de jongere hynsten wûn Teun 505. Jurre 495 waard dêr reservekampioen.

De kampioen fan foarich jier, Matthys 504, die net mei, omdat dy kreupel wie.

Om 21.00 oere is op telefyzje in kompilaasje te sjen fan de hynstekeuring.

Snein wurdt dy kompilaasje werhelle, om 09.00 en om 11.00 oere.

Sjoch foar alles oer it Frysk hynder ek op Omropfryslan.nl/hynstekeuring.

(Advertinsje)
(Advertinsje)