Tredde plak nei dei ien op EK foar Femke Kok, mar alles leit noch iepen

16 jan 2021 - 17:06

Femke Kok fan Nij Beets stiet tredde nei de earste dei op it Europeesk kampioenskip. De 20-jierrige reedrydster waard by har debút op it EK twadde op de 500 meter en tredde op de 1000 meter. Dêrmei leit nei de helte fan de striid noch alles iepen.

Femke Kok nei de earste dei op it EK sprint

Op de 500 meter rydt Femke Kok nei in tiid fan 37,52. Dat is oant dan ta de rapste tiid, mar yn de lêste rit dûkt Angelina Golikova der mei 37,27 ûnder. De Russyske is ek de hâldster fan it baanrekôr op de 500 meter. Dat stiet op 37,02. De Eastenrykse Vanessa Herzog wurdt tredde, krekt foar nûmer fjouwer Jutta Leerdam. Kok kaam skodholjend oer de finish nei de 500 meter.

De winst op de 1000 meter gong in bytsje ferrassend nei Jorien Ter Mors. Mei in tiid fan 1.14,10 wie se mar fiif hûndertsten rapper as Jutta Leerdam. Femke Kok kaam yn de lêste rit út tsjin de Russin Golikova. Lang like it der op dat Golikova de rit winne soe, mar Kok pakte troch in bettere finish noch krekt de winst. Dêrmei waard se tredde op de 1000 meter.

Yn it klassemint stiet Kok no ek tredde, mar benammen de earste trije sitte hiel tichteby inoar. Golikova is earste, mar it ferskil op de 500 meter is mar 0.23 sekonden mei Kok. Jutta Leerdam stiet dêr tusken. Ter Mors is fjirde.

Foto: Orange Pictures

Utslach 500 meter:

  1. Golikova 37,27
  2. Kok 37,52
  3. Herzog 37,56
  4. Leerdam 37,70
  5. Fatkulina 37,78

Utslach 1000 meter:

  1. Ter Mors 1.14,10
  2. Leerdam 1.14,15
  3. Kok 1.14,62
  4. Golikova 1.14,67
  5. Katsjanova 1.15,27

Klassemint nei twa ôfstannen:

  1. Golikova
  2. Leerdam 0.17
  3. Kok 0.23
  4. Ter Mors 0.53

Alle riders en harren begelieding op it EK sprint sitte yn de saneamde reedrydbubbel, om harren te beskermjen tsjin it coronafirus. Hoe't dat presys sit, lêze jo yn it ûndersteande artikel:

(Advertinsje)
(Advertinsje)