Poadium fier fuort foar Marwin Talsma op EK allround

16 jan 2021 - 15:27

Marwin Talsma stiet nei de earste dei op it Europeesk kampioenskip allround op it njoggende plak. Hy einige op de 500 meter as santjinde en op de 5.000 meter as fjirde. Talsma debutearret op it EK allround. Topfavoryt Patrick Roest stiet nei twa ôfstannen oan kop.

Marwin Talsma nei de earste dei op it EK allround

Talsma begûn de dei goed mei in persoanlik rekôr op de 500 meter. Yn novimber hie hy syn PR al ferbettere nei in tiid fan 38,00 en dêr ried hy fjouwer hûndertsten ûnder. Mei dizze tiid waard hy santjinde, mar Talsma moat it hawwe fan de langere ôfstannen. Dat liet hy op de 5.000 meter ek wol sjen troch as fjirde te einigjen. Talsma kaam net yn de buert fan syn PR: dêr siet hy mei 6.17,12 goed trije sekonden boppe. Patrick Roest wûn de 5.000 meter mei oermacht yn 6.10,26. Twadde waard de Sweedske Nils van der Poel. Marcel Bosker makke it poadium kompleet.

Boppe-yn it klassemint seach Roest dat Sverre Lunde Pedersen de 500 meter wûn, mar op de 5.000 meter wie Roest folle better as de Noar. Sadwaande stiet Roest nei de earste dei rom oan kop en makket hy syn favoriterol hielendal wier. Pedersen stiet twadde mei 2,5 sekonde efterstân op de 1.500 meter. Marcel Bosker stiet tredde op 3,08 sekonden fan Roest. Talsma is yn it algemien klassemint no njoggende mei 6,77 sekonde efterstân op Roest.

Foto: Orange Pictures

Utslach 500 meter:

  1. Pedersen 36,25
  2. Roest 36,39
  3. Angebraten 36,67
  4. Aldosjkin 36,70
  5. Odor 36,74
  6. Kongshaug 36,79
  7. Boschker 36,86
  8. Swings 36,94
  9. Wenger 37,10
  10. Giovannini 37,19

17. Talsma 37,96

Utslach 5000 meter:

  1. Roest 6.10,26
  2. Van der Poel 6.13,03
  3. Bosker 6.15,81
  4. Talsma 6.17,12
  5. Trofimov 6.17,60
  6. Swings 6.19,73
  7. Pedersen 6.19,97
  8. Engebraten 6.22,24

Alle riders en harren begelieding op it EK allround sitte yn de saneamde reedrydbubbel, om harren te beskermjen tsjin it coronafirus. Hoe't dat presys sit, lêze jo yn it ûndersteande artikel:

(Advertinsje)
(Advertinsje)