Corona yn Fryslân: Minder as 200 nije besmettingen yn ôfrûne 24 oeren

16 jan 2021 - 15:20

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 191 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 80 minder as freed, doe't 271 gefallen meld waarden.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Dat wiene der 34. Yn Achtkarspelen binne 29 besmettingen fêststeld. Earder waard al dúdlik dat der yn soarchsintrum 't Suyderhuys yn Surhústerfean in útbraak wie. Surhústerfean leit yn de gemeente Achtkarspelen.

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus, dat giet om ynwenners fan de gemeenten Achtkarspelen en De Fryske Marren.

Lanlik binne de ôfrûne 24 oeren 5340 besmettingen fêststeld, dat binne der goed 750 minder as in dei earder.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)