Monnikenloop op Skiermûntseach giet dit jier oer

16 jan 2021 - 14:31

De jierlikse Monnikenloop op Skiermûntseach giet dit jier net troch. De loop hie ein maart wêze sillen, mar mei it each op de coronasituaasje sjocht de organisaasje it net sitten dy trochgean te litten. En omdat alles sa ûnwis is, wol de organisaasje ek net in datum fierder yn it jier sette.

De Zuidertoren op Skiermûntseach - Foto: Shutterstock.com (erichon)

Dy set dêrom yn op in nije Monnikenloop yn maart takom jier. Minsken dy't har ynskreaun hiene en al betelle hiene, dogge foar dy edysje mei mei de foarynskriuwing.

(Advertinsje)
(Advertinsje)