Antoinette de Jong oan de lieding op it EK allround

16 jan 2021 - 13:42

Antoinette de Jong is goed op wei om har titel te prolongearjen op it Europeesk kampioenskip allround. Se waard yn 2019 Europeesk kampioen en stiet nei de earste dei earste op it EK allround fan 2021. Se einige sneon yn it Thialf-stadion op It Hearrenfean twa kear as tredde; op de 500 meter en ek op de 3 kilometer.

Antoinette de Jong nei de earste dei op it EK allround

Op de 500 meter waard Antoinette de Jong tredde mei in tiid fan 38,89. De Poalske Karolina Bosiek wie de bêste mei 38,68, Jelizaveta Goloebeva twadde mei 38,84. De konkurrinten fan De Jong, sa as Schouten, Beune en Sábliková, einigen allegear fier achter har. Schouten die it wol knap op de 3000 meter. Dy wûn se mei 3.57,95, mar krekt boppe in baanrekôr fan Antoinette de Jong (3.57,32). De Jong kaam net yn de buert fan dat baanrekôr, mar waard wol deeglik tredde mei in tiid fan 4.02,19.

Yn it klassemint stiet De Jong no earste. Schouten hat op de 1500 meter no in foarsprong fan 0,79 op Schouten en 1,28 op Voronina.

Snein wurdt neist de 1500 meter ek noch de 5000 meter riden.

Utslach 500 meter:

  1. Bosiek 38,68
  2. Goloebeva 38,84
  3. De Jong 38,89
  4. Zdrahalova 39,40
  5. Njatun 39,61
  6. Lollobrigida 39,64
  7. Beune 39,78
  8. Schouten 39,86

Utslach 3000 meter:

  1. Schouten 3.57,95
  2. Voronina 3.58,62
  3. De Jong 4.02,19
  4. Sábliková 4.02,31
  5. Beune 4.03,18
  6. Wiklund 4.04,38
  7. Lalenkova 4.05,51
  8. Goloebeva 4.06,09
  9. Lollobrigida 4.07,03

Alle riders en harren begelieding op it EK allround sitte yn de saneamde reedrydbubbel, om harren te beskermjen tsjin it coronafirus. Hoe't dat presys sit, lêze jo yn it ûndersteande artikel:

(Advertinsje)
(Advertinsje)