Omrop TIP: Joop Mulder oer syn passy foar keunst en kultuer; radiopetear út 2017 werhelle

Yn Buro de Vries is snein in werhelling fan in petear mei Joop Mulder, de oprjochter fan Oerol. Mulder stoar 9 jannewaris. Hy wie 67 jier. Yn 2017 naam Mulder ôfskied fan Oerol en begûn oan in nij aventoer: Sense of Place. Op de seedyk by Wierum trof it Buro him en gie hast in oere mei him yn petear oer natuer, kultuer, en syn plannen foar keunst oan de Waadkust.
© Omrop Fryslân
Sense of Place bestiet út in tal keunst- en kultuerprojekten by de Waadkust del. Der binne al mear as 20 projekten yn de planning. Sa wurdt by Wierum tocht oan in seeswimbad en by Blije oan in bûtendykse terp. Yntusken stean de twa bylden fan froulju fan Jan Ketelaar al by Holwert en binne oare projekten yn de steigers set. Dochs wie it gjin maklike opjefte fertelde Mulder.
Hy fûn it in moaie útdaging om alle partijen dy't oer it Waad en it lânskip gean by mekoar te krijen, en syn projekten te realisearjen. De striid om fergunnings, om wat wol en net kin op en by it wrâlderfgoed, dy hâlde him drok dwaande. Hy neamde yn it petear de prosesgong om ûntwikkeling fan projekten op it Waad in proses fan ferlechjes. "Alle organisaties en ook de overheid gebruiken smoesjes om voor elkaar te krijgen of tegen te houden. Sense of Place is mijn smoesje."

Draachflak

Hiel wichtich foar Mulder wie dat syn Sense of Place droegen wurdt troch de lokale befolking. Yn gearkomsten mei doarpsbewenners besocht hy it fan ûnderop foar mekoar te krijen en draachflak te kreëarjen. Dat gie poerbêst sei er. Dochs wie net elkenien posityf. Ien fan de bewenners dy't it ferhaal fan Mulder oanhearde, sei: "Wêrom moat Wierum feroarje? It is goed sa't it is!" En: "Aanst binne it allegearre Japanners en Dútsers dy't hjir komme!" Mulder fûn sokke reaksjes net ferfelend. It hearde derby, sei er, en hy hope dat minsken mear oertsjûge rekken as it projekt konkreter waard.
Joop Mulder bleau pionier. Mei passy foar keunst en kultuer en woe dy graach diele mei minsken. Dat wie syn misje. Mei Sense of Place hope Mulder dat tsjin de krimp fan it plattelân yn de lokale ekonomy fan de doarpen oan de Waadkant in oppepper krigen. Der wie safolle moais en dat mocht sjoen en dield wurde, fûn Joop Mulder.
Mulder kin syn Sense of Place net fierder ûntwikkelje, mar syn ideeën sille grif in ferfolch krije.
Joop Mulder oer Sense of Place, Oerol en syn heit. In petear op de seedyk by Wierum