Grutte testdei yn Drachten foar soarchmeiwurkers fan 't Suyderhuys

Yn Drachten wurde dizze sneon de hiele dei soarchmeiwurkers test dy't in konneksje hawwe mei soarchsintrum 't Suyderhuys yn Surhústerfean. Dêr is earder dizze wike de Britske fariant fan it coronafirus opdûkt. Yntusken binne al fjouwer bewenners ferstoarn.
Grutte testdei yn Drachten
GGD Fryslân wol in better byld krije fan de situaasje en lit dêrom in hiel soad minsken teste op de testlokaasje oan de Eikensingel.
It is bytiden drok mei auto's op it parkearterrein. De minsken dy't komme foar in test, hawwe wol noed oer de Britske fariant fan it coronafirus.
Foar de soarchmeiwurkers dy't gau wer oan it wurk moatte, wurdt in sneltest ôfnommen. Oaren krije moandei de útslach.