Cambuur Sjoernaal: ploech makket him op foar drege wedstriid tsjin NEC

Cambuur makket him op foar in drege útwedstriid. Sneintemiddei spylje de Ljouwerters yn Nijmegen yn stadion De Goffert tsjin NEC. De Ljouwerters binne al in jier sûnder ferlies yn in útwedstriid. Yn de seleksje mist yn alle gefallen oanfierder Erik Schouten. Hy is blessearre. Werom op it trainingsfjild is assistint-trainer Sandor van der Heide. Hy hie wat tefolle hea op de foarke naam en hat in skoft siik thús west. Mar no is hy der wer. It Cambuur Sjoernaal praat wiidweidich mei Van der Heide.
Cambuur Sjoernaal