Frijwilligers Reade Krús tydlik net wolkom yn 't Suyderhuys: "By grien ljocht binne we der sa wer"

16 jan 2021 - 11:29

It Reade Krús wurdt yn alle gefallen oant nije wike tiisdei net ynset yn 't Suyderhuys yn Surhústerfean, omdat de Kwadrantgroep op dit momint sa min mooglik bewegingen yn it wensoarchsintrum hawwe wol dêr't in útbraak fan de Britske fariant fan it coronafirus is.

Foto: Ben de Jager, RTVNOF

Sûnt de útbraak bekend waard, is fuortendaliks besletten om de frijwilligers werom te heljen. Dyselde frijwilligers dy't ynset binne, wurde sneon test, lykas mear as 400 oare soarchmeiwurkers.

"We binne enoarm skrokken fan it nijs, it komt sa wol rap tichtby. Mar gelokkich binne we gau ynformearre. De frijwilligers binne fluch op de hichte brocht en kinne dus ek test wurde", seit Janet Terpstra, frijwilligerskoördinator fan it Reade Krús. Se fernimt net dat de frijwilligers eangstich binne.

"Se wolle graach helpe, se binne net benaud. We kinne it roaster noch altyd ynfolje. It Reade Krús is yn de basis in needhelporganisaasje dus as der need is dan steane we der foar. Fansels begripe we dat we no even net wolkom binne. It is al wat ûnrêstiger om't der ek minsken fan de GGD binne. En je wolle net tefolle minsken op de ôfdieling. As se grien ljocht jouwe, binne we der wer binnen 24 oeren."

Janet Terpstra

Ynwenners fan Surhústerfean hawwe noed oer de situaasje oer it coronafirus yn har doarp.

Harkje nei wat minsken op strjitte sizze:

Wat sizze de minsken op strjitte yn Surhústerfean?

(Advertinsje)
(Advertinsje)