Wite wrâld ferwachte troch snie; Piet Paulusma foarseit sa'n 5 sintimeter

16 jan 2021 - 11:03

Fryslân wurdt in wite wrâld: der is snie kommendeweis út it súdwesten fan Nederlân, it komt yn de rin fan sneon yn Fryslân. Yn de nacht nei snein, en sneintemoarn, is der kâns op glêdens troch izel. Piet Paulusma wol de 'hype' oer de snie wat delbêdzje. "It liket in wûnder, mar it is gewoan winter."

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

"De hiele wrâld liket wol yn rep en roer as der snie falt", seit waarman Piet Paulusma. "Dat komt omdat it net sa faak mear bart, dat hiel Nederlân wyt is." Hy ferwachtet yn it noarden wol in snielaach fan sa'n 4 oant 6 sintimeter.

Ut Seelân wei komt it gebiet mei snie ús kant op, dat falt sneontejûn en yn de nacht. "De temperatuer leit om it friespunt hinne oant min twa graden, dus de snie bliuwt lizzen. Dêrnei komme wat buikes en dan is der kâns op izel. Dus as ik in warskôging foar it ferkear jaan moat, dan sis ik: tink om glêdens troch snie en matich sicht yn in sniebui."

(Advertinsje)
(Advertinsje)