Omrop TIP: 'Kapitein Oerol' yn Fryslân DOK

16 jan 2021 - 10:00

De dokumintêre 'Joop Mulder- kapitein Oerol' út 1992 wurdt dit wykein op 'e nij útstjoerd op telefyzje troch Fryslân DOK. As earbetoan oan Joop Mulder, dy't ferline wike hommels ferstoar. Buro de Vries stjoert snein op 'e radio in resint ynterview mei Joop Mulder út.

Balletdûnser

"Ik wilde vroeger heel graag balletdanser worden", sei Joop Mulder yn 1992 tsjin ynterviewer Geart de Vries. It Oerolfestival bestie doe 10 jier, en Omrop Fryslân wie op Skylge om de tariedingen foar it festival fan tichtby te filmjen. Balletdûnser, dêr wie Joop nei eigen sizzen net geskikt foar, mar kultureel ûndernimmer wie hy yn ieren en sinen.

Oerol-foarstelling Semola 1991 - Foto: Omrop Fryslân

Fryske Anjer

Joop Mulder slagge der yn om it Oerolfestival op Skylge, dat begjin jierren tachtich úteinsette mei lytsskalige teäteroptredens yn âlde boereskuorren, grut te meitsjen. Hy krige yn 1992 de Fryske Anjer útrikt troch kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel, yn it bywêzen fan de Skylger boargemaster Cootje van Beukering.

Joop Mulder, Hans Wiegel (l) en Cootje van Beukering - Foto: Omrop Fryslân

40 jier

Oerol groeide út nei in jierliks festival mei hûnderten keunst- en teäteracts út binnen -en bûtenlân, dêr't tsientûzenen minsken op ôf komme. It bestiet no 40 jier. Ek doe't Joop Mulder in pear jier ferlyn in stap werom die, bleau er 'kapitein Oerol', bekend yn it hiele lân. De skrik wie grut, doe't ôfrûne snein it berjocht kaam dat Joop Mulder ferstoarn wie, 67 jier âld.

De Dogtroep, foarstelling út 1990 - Foto: Omrop Fryslân

Souderkeamer


De film fan Geart de Vries út 1992 jout in moai byld fan wat doe eksperiminteel teäter wie. Joop Mulder giet mei artysten de dunen yn, op syk nei in geskikt plak foar harren foarstelling. De kamera is op de souderkeamer boppe Café de Stoep, dêr't Joop earst kroechbaas wie, en dat letter it haadkertier waard fan de Oerol-organisaasje.

Fan hippy oant festivalorganisator

Alde Oerol-tiden libjen op 'e nij, mei frijwilligers dy't dei en nacht wurkje, rinkeljende telefoans en ratteljende typmasines. En de jonge Joop Mulder, dy't himsels beskriuwt: "Van hippie tot festivalorganisator. Maar van binnen ben ik natuurlijk altijd dezelfde gebleven."

Oerol-haadkertier boppe Café de Stoep - Foto: Omrop Fryslân

Buro de Vries


Doe't Joop Mulder ôfskie naam fan Oerol bleau hy mei hert en siel belutsen by kultuer en it Waad. Syn projekt 'Sense of Place' is in keunstrûte by de waadkust del, oant Denemarken ta. It radioprogramma Buro de Vries trof Joop Mulder yn 2017 oan de seedyk, eagjend oer it Waad. Ek dat ynterview is snein op 'e nij te hearren yn in spesjale útstjoering fan Buro de Vries.

Joop Mulder - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Fryslân DOK 'Joop Mulder - kapitein Oerol' (1992)

  • Sneon 16 jannewaris, 15.30 oere, NPO2, (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 17 jannewaris, 13.10)
  • Snein 17 jannewaris,17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)
  • Snein 17 jannewaris, Omrop Fryslân radio 92.2 FM: Buro de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)