Kollum: "Ines Pultrum"

16 jan 2021 - 08:21

"De misdied dy't myn frou en ik jierrenlang begien ha, is grif ferjierre. Boppedat wisten wy it net, dus hjirby ús bekentenis. Yn de tiid dat de gemeente Smellingerlân noch gewoan Smellingerlân hjitte en net sa nedich tige betiizjend mei de namme Drachten pronkje woe, kaam der in jong stel te wenjen yn Boarnburgum. Dat stel wie myn frou en ik.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

Sy wurke yn Drachten, ik yn Snits, dus ien op de fyts en de oare mei de auto nei de baas, sa gie dat doe noch. Yn it doarp siet in foeraazjewinkel. Mar flak neidat wy dêr kamen, gie dy ticht. De opsjes om hinnefoer en geitebiks te heljen wienen of nei de Welkoop yn Drachten, of nei Nij Beets.

Mar ik wurke yn in feefoerfabryk, dus op in dei sieten myn frou en ik oan de keukentafel en besprutsen de mooglikheid om in lyts winkeltsje yn feefoer te begjinnen yn de stâl fan ús boerepleatske. Wy wienen beide foar it plan, mar ek sa grien as gers. Der soe grif in fergunning komme moatte. Sa kamen wy op in dei, beide mei de kreaze klean oan, yn it gemeentehûs fan Smellingerlân. Frijwat senuweftich, want wy hienen in petear mei wethâlder Pultrum, en dy kaam út De Houtigehage. Dêr wennen neffens de minsken inkeld anargisten en oar frjemd folk, dus wy hienen gjin idee wat ús te wachtsjen stie.

De dame achter de baly sei dat we wol even wachtsje mochten, de wethâlder siet noch yn in petear, mar soe ús wol ophelje. It duorre even en doe kaam der in net al te grutte man op ús ta, dy't ús even kritysk op en del oanseach. Hy hie in snor, oan ien kant giel fan de nikotine en oan de oare kant gewoan read. Syn ring- en wiisfinger fertoanden ek de kleurspoaren fan sigaretten of sigaren.

'Wat kin ik foar jim dwaan,' sei er neidat we yn syn wurkkeamer achter in bakje kofje sieten. De frou en ik hienen in hiel ferhaal taret, oer de maatskiplike funksje fan in winkel yn eigen doarp, it sosjale kontakt dat de doarpelingen mei lytsfee no net mear hienen omdat de winkel ticht wie. En dat ik eins de oare dei wol begjinne koe, omdat de levering fan it foer fia myn baas koe. Net folle rompslomp, samar klear.

Geandewei it ferhaal knikte Pultum in kear as wat. Foaral doe't de wurden 'sosjaal' en 'kontakt' foelen, koe ik sjen dat we de wethâlder berikten. By it wurd 'rompslomp' knypte er de eagen efkes ticht.

Tsien minuten letter stienen we wer bûtendoar oan de Gauke Boelensstrjitte yn Drachten. Suver wat ferbjustere, want we hienen tastimming fan de wethâlder om in winkeltsje yn feefoer te begjinnen. Syn letterlike wurden: 'Jim begjinne mar foarsichtich oan, ik sil hjir wol even om my hinne sjen oer hoe en wat.'

Wy ha ús ynskreaun by de Keamer fan Keaphannel en ha in oantal jierren mei in soad wille it winkeltsje hân. It rûn op in gegeven momint sa goed dat we foar de kar stienen, ien fan ús moast it wurk opsizze, want oars wie it net te dwaan. Mei pine yn it hert ha we besletten om der dochs mar mei op te hâlden.

Yn al dy jierren ha we neat fan de gemeente Smellingerlân heard. Pas letter bliek dat we it hiele skoft sûnder fergunning draaid hienen, mar mei tastimming fan Ines Pultrum. Dat kaam oan it ljocht by in hiele oare saak dêr't ik it no net oer ha wol, want oars krij ik hertklachten en spilet myn prikkelbere darmsyndroom op. Myn âld-buertgenoaten witte wol wêr't ik it oer ha.

Wethâlders lykas Ines Pultrum. Yn in tiid dat Smellingerlân noch gewoan Smellingerlân wêze woe. Ik tink der mei waarme gefoelens oan werom. Wethâlders foar de minsken, dy't soms even oer de rompslomp hinne sjen doarden. Trouwens, der wie noch ien dy't ik neame moat. In CDA-wethâlder dy't wy nota bene op snein benadere ha foar in driuwend fisum nei Súd-Afrika. Dy sei: 'Gjin probleem, wethâlder binne jo alle dagen yn de wike.' Fred Veenstra is no boargemaster fan De Fryske Marren.

Oant safier ús skuldbekentenis fan ús misdriuw. Ik ha gjin spyt, it wie in machtige tiid."

(Advertinsje)
(Advertinsje)