Sportmeiwurkers springe by yn de soarch yn De Fryske Marren

Meiwurkers fan it Sportbedrijf De Fryske Marren springe by yn de âldereinsoarch. Normaal sprutsen wurkje se yn it swimbad yn it bewegingsûnderwiis of yn de hoareka, mar dêr is alles no ticht fanwegen de coronamaatregels.
Âldereinsoarch © Shutterstock.com
No helpe se mei by it skinken fan de kofje by soarchgroep Hof en Hiem en it rûnbringen fan it iten foar minsken yn âldereinhûzen of se geane te kuierjen of te fytsen mei de minsken.
Se helpe ek mei om de iensumheid ûnder âlderen te bestriden, troch dy te beljen om in praatsje te meitsjen. Dat dogge se yn gearwurking mei de stichting Sociaal Goud, dat dat belprojekt opset hat.