Bûtensport ûnder dak: skeelerjen is populêr yn de lockdown

It tal minsken dat de skeelers ûnderdocht is yn dizze coronatiid grutter as ea earder. Dat is te sjen troch de ferkeap fan skeelers, mar benammen ek troch de drokte by de skeelerferienings. De reden: it skeelerjen mei ek yn de lockdown gewoan trochgean.
It is drok op de skeelerbaan op It Hearrenfean
Mear as 50 minsken steane op freedtejûn op de baan op Sportstad Hearrenfean. Se skeelerje ûnder dak, mar dochs is it in bûtensport. En dat hat alles te krijen mei it feit dat de muorren iepen binne. It is te fielen oan de temperatuer op de baan en wa't net goed sjocht kin samar tinke dat er eins op in iisbaan stiet.
"De sporten liggen natuurlijk dicht bij elkaar, maar de ijsbanen zijn dicht en wij kunnen door. Dat is ons geluk op dit moment", seit Alfred van den Akker fan skeelerferiening Lindenoord. "Er zijn best veel mensen die er nu voor kiezen om de skeelers onder te binden."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
By de skeelerferiening hoopje se dat dat ek nei de coronakrisis sa bliuwt. "Het zou natuurlijk heel mooi zijn als de kinderen en jongeren die nu bij ons met het skeeleren in aanraking komen later ook bij ons mee willen doen met wedstrijden."
Dat se offisjeel in bûtensport binne, betsjut net dat se gjin maatregels nimme moatte. Sa binne de skeelerders yndield nei leeftiid en moatte se ôfstân fan elkoar hâlde. Op de baan, mar ek dêrbûten: "Als ze de skeelers onder binden dan zijn ze verdeeld over de hele buitenring. En ouders of andere toeschouwers zijn niet welkom", fertelt Van den Akker.