Reedriders kinne fan start op EK: se teste allegear negatyf op corona

15 jan 2021 - 22:30

Alle reedriders dy't de kommende dagen meidogge oan it EK allround en it EK sprint yn Thialf ha negatyf test op it coronafirus. Sy meie dêrom allegear fan start op It Hearrenfean.

Foto: Orange Pictures

Yn totaal dogge der 76 reedriders mei oan de kampioenskippen: 40 manlju en 36 froulju. Kai Verbij en Vanessa Herzog ferdigenje har sprinttitels, de Friezen Sven Kramer en Antoinette de Jong binne regearjend allroundkampioen. De Jong docht dit wykein ek mei, Kramer pleatste him net.

De protokollen yn Thialf binne strang. Dat moat derfoar soargje dat net allinnich dit EK goed ferrint, mar dêrnei ek noch trije oare grutte ynternasjonale toernoaien.

It EK begjint sneon om 11:30 oere en is it hiele wykein live te fogljen by Omrop Fryslân op 'e radio.

Sa wurket de reedrydbubbel:

It programma de kommende wiken

Sneon 16 en snein 17 jannewaris Europeesk kampioenskip allround en sprint
Sneon 23 en snein 24 jannewaris Wrâldbeker 1
Sneon 30 en snein 31 jannewaris Wrâldbeker 2
Tongersdei 11 oant en mei snein 14 febrewaris Wrâldkampioenskip ôfstannen
Trefwurden: 
reedriden EK Thialf
(Advertinsje)
(Advertinsje)