Tsien besmettingen yn Ljouwerter soarchsintrum: gjin besite mear wolkom

15 jan 2021 - 22:58

Soarchkoepel KwadrantGroep slút wensoarchsintrum Greunshiem foar besite. Yn it Ljouwerter tehûs is it coronafirus fêststeld by fjouwer bewenners en twa meiwurkers. Dêrnjonken binne ek fjouwer bewenners fan Talant posityf test, dy't yn itselde gebou sitte.

Foto: Omrop Fryslan, Aise van Beets

Troch Greunshiem no te sluten foar besite, hopet de KwadrantGroep fierdere fersprieding fan it firus foar te kommen. Der is net genôch sicht op de fersprieding, seit de koepel, omdat der op ferskate ôfdielingen besmettingen binne.

Boppedat wolle se ekstra hoeden wêze, omdat de besmetlike Britske fariant fan it coronafirus yn Fryslân rûngiet. Dy is fêststeld by ferskate bewenners fan 't Suyderhuys yn Surhústerfean. Yn totaal binne dêr op syn minst 45 bewenners besmet en mear as 50 meiwurkers. 't Suyderhuys is ek ûnderdiel fan de KwadrantGroep.

Elkenien yn karantêne

Alle bewenners fan Greunshiem moatte foarearst yn karantêne yn har eigen appartemint. Se wurde tongersdei 21 jannewaris ek allegear test op it coronafirus. Besmette bewenners wurde ferplege yn har eigen appartemint.

As der gjin nije besmettingen oan it ljocht komme, kinne de maatregels ferromme wurde. Dêroer hat de KwadrantGroep oerlis mei de GGD.

(Advertinsje)
(Advertinsje)