GrienLinks wol dúdlikheid oer lytse gasfjilden: bewenners belûke en apart fûns

15 jan 2021 - 21:50

De minister fan Ekonomyske Saken moat dúdlikheid jaan oer de winning fan gas yn fiif lytse fjilden yn de grinsregio Fryslân, Drinte en Oerisel. Dat seit Keamerlid Laura Bromet fan GrienLinks. Se stelt fragen nei oanlieding fan berjochtjouwing troch ûnder oare Omrop Fryslân.

Foto: ANP

Gaswinningsbedriuw Vermilion is fan doel om gas te winnen út fiif lytse gasfjilden yn de grinsregio, dy't ûnder oare ûnder Weststellingwerf lizze. It bedriuw praat dêroer mei it ministearje fan Ekonomyske Saken. De kommunikaasje kin in stik better, fine Steateleden fan GrienLinks yn de trije provinsjes. Bromet stelt no Keamerfragen út namme fan dy Steateleden.

Sa seit in Drintsk Steatelid dat bewenners eins net belutsen wurde. Sy krije de ynformaasje út de media. De frustraasje oer mynbou hat by lokale oerheden en bewenners yn ús regio noch nea sa grut west as no.

Ynwenners en gemeenten wolle al jierren mear ynfloed op de beslútfoarming en op de fergunningferliening. Dêrfoar hawwe der tsientallen juridyske prosedueres west, mear as ien kear sels oan de Ried fan Steat ta. Mar gjinien fan dy saken waard wûn. Hieltyd mear gemeenten lûke harren no werom, om't de prosedueres tefolle jild en tiid kostje en noait wat opsmite. Dat spilet foaral yn de kop fan Oerisel, Fryslân en Drinte.

Fûst meitsje

De gemeenten yn dy regio's wolle no mei-inoar ien fûst meitsje tsjin de plannen. By de gaswinning yn de regio Drachten en by de sâltwinning yn Veendam binne deselde lûden te hearren.

GrienLinks wol ek witte wêrom't it gebiet yn de grinsregio sjoen wurdt as fiif lytse fjilden en net as ien grutter fjild. "Uit onderzoek blijkt dat ze elkaar wel degelijk beïnvloeden."

Fûns mei jild út gaswinning

Bromet wol in fûns foar it gebiet. Dêryn moat jild komme dat fertsjinne wurdt mei de gaswinning. Mei dat jild kin dan de oergong nei duorsume enerzjy betelle wurde, dat is bygelyks it gefal foar Ternaard en Wierum. "Deze financiële compensatie moet niet gezien worden in ruil voor gaswinning. Dat zou een misvatting zijn. De vraag komt mede voort, omdat er wordt overgestapt naar de nieuwe Omgevingswet. Informatie en participatie van inwoners spelen in de nieuwe Omgevingswet een grote rol."

(Advertinsje)
(Advertinsje)