Europeeske Kommisje wol gjin nije wetten om minderheidstalen te beskermjen

15 jan 2021 - 21:11

De Europeeske Kommisje makket gjin wurk fan it Minority SafePack, it boargerinisjatyf om lytsere talen lykas it Frysk better te beskermjen. It inisjatyf waard ûndertekene troch mear as in miljoen Europeanen, ûnder wa in soad Friezen. "It is spitich dat dit beslút net naam wurdt troch keazen folksfertsjintwurdigers, mar troch burokraten dy't ús al fan it begjin ôf tsjinwurkje", sizze de inisjatyfnimmers.

Foto: ANP

It Minority SafePack is in inisjatyf fan de FUEN, in organisaasje dy't opkomt foar minderheden troch hiel Europa. Se kamen mei it pakket omdat de Europeeske Uny de lêste jierren gjin belied mear hat op it mêd fan minderheidstalen. Omdat mear as 1,1 miljoen EU-boargers út boargerinisjatyf ûndertekenen moat de EU no op 'e nij oan de slach mei minderhedebelied.

Soad stipe ûnder Europarlemintariërs

It Europeesk Parlemint woe der wol wurk fan meitsje. Dêr wie in soad stipe foar it pakket: ferskate Europarlemintariërs fregen de Europeeske Kommisje om mei wet- en regeljouwing te kommen om minderheden op Europeesk nivo te beskermjen en te stypjen. "Troch goed mei minderheden om te gean, kinne je krekt spanningen en politike problemen foarkomme", sei de Eastenriker Hannes Heide út namme fan de sosjaaldemokratyske fraksje. It pakket krijt ek de stipe fan de Twadde Keamer en de Provinsjale Steaten yn Fryslân.

'Nije wetten heakje neat ta'

De Europeeske Kommisje fersmyt no lykwols it inisjatyf en komt net mei nije wetjouwing op it mêd fan minderheidstalen. Neffens de Kommisje wurdt der al in soad dien en heakje nije wetten neat ta. "Sy stelle no 50 miljoen Europeanen teloar, dy't diel útmeitsje fan minderheden", seit de FUEN. Dy groep hat jierren dwaande west mei de kwestje en jout de striid net op, melde se.

(Advertinsje)
(Advertinsje)