Sikehûs Nij Smellinghe beheint besite: ien besiker de pasjint

15 jan 2021 - 20:28

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten stiet tenei minder besite ta oan pasjinten. Mei yngong fan moandei mei der noch mar ien besiker delkomme. Oant no ta wienen dat der twa. De maatregel is om it risiko op fersprieding fan it coronafirus te ferminderjen.

De haadyngong fan sikehûs Nij Smellinghe - Foto: Omrop Fryslân

Besikers binne allinnich wolkom as dy gjin klachten ha. Pasjinten dy't it coronafirus ha ôf dêrfan fertocht wurde, kinne ek besite krije, mar dan wol op ôfspraak. De kream- en berneôfdieling, intensive care, earste herthelp en hertbewaking ha in aparte besiteregeling.

Oare Fryske sikehûzen

Yn oare Fryske sikehûzen wie ek al minder besite tastien. Pasjinten yn sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean meie ien oere lang ien besiker ûntfange. It MCL yn Ljouwert stiet ek mar ien besiker ta, krekt as it Antonius yn Snits.

(Advertinsje)
(Advertinsje)