Gjin sjongen mear yn tsjerketsjinsten op telefyzje

15 jan 2021 - 20:07

By de tsjerketsjinsten dy't Omrop Fryslân op sneins útstjoert, wurdt de kommende fjouwer kearen net mear songen. Dêrmei folgje de Omrop en de Wurkgroep Tsjerketsjinsten Fryslân it driuwende advys fan de lanlike PKN-tsjerke. Dy advisearret om dat net mear te dwaan, en dat hat te krijen mei de opkomst fan de hiel besmetlike Britske fariant fan it coronafirus.

Foto: Wikimedia Commons - Omrop Fryslân

"Sa'n beslút nimme je fansels net graach", seit Maaike van Dijk, dy't foarsitter is fan de wurkgroep Tsjerketsjinsten Fryslân. "Mar it advys fan de lanlike tsjerke wie sa driuwend dat wy seinen: we ha as omroptsjinst in foarbyldfunksje. It kin dus net sa wêze dat as minsken bygelyks fia YouTube harren eigen tsjerketsjinst folgje, dat der net songen wurdt, en dat dan dêrnei op Omrop Fryslân in tsjinst útstjoerd wurdt dêr't wol songen wurdt."

Foar de kommende tsjinsten sykje se dêrom nei alternativen. Van Dijk: "Wy dogge in grut berop op predikanten en oargelisten om dêr dochs op ien of oare manier ynfolling oan te jaan." It ôfspyljen fan lieten dy't opnommen binne, of it foarlêzen fan teksten yn plak fan it sjongen derfan, binne guon fan dy opsjes. "Der is fansels genôch te betinken, mar je moatte it wol efkes útfine."

Boppeslach

"It fersjocht yn it grut ferlet fan minsken", seit Van Dijk oer de tsjerketsjinsten. Sy fynt ek dat de tsjinsten in boppeslach binne: se wurde fan fier bûten de provinsjegrinzen folge, oant yn Kanada. Dêroer stie freed ek in lang artikel yn Trouw.

Maaike van Dijk fan Wurkgroep tsjerketsjinsten yn Fryslân

Omrop Fryslân stjoert alle sneinen live fan 10.00 oere ôf in tsjerketsjinst út. Dizze snein is dat út de PKN-tsjerke Trinitas wei, op It Hearrenfean. Dûnmy is Jan Pieter de Buck, dy't ferbûn is oan de PKN-tsjerke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)