Politikolooch en âld-Keamerlid: kabinet hie Keamerdebat ôfwachtsje moatten

15 jan 2021 - 22:59

It opstappen fan it kabinet komt eins te betiid. Dat fynt âld-Keamerlid en politikolooch Sytze Faber fan it CDA. Neffens him hie soks barre moatten néi it Keamerdebat oer de affêre mei de berneopfangtaslach. Dat hie polityk suverder west, fynt Faber.

No is de angel út it debat, krekt omdat it kabinet fallen is en der gjin politike konsekwinsjes mear achterwei komme kinne. "Ik tink dat se in moasje fan wantrouwen yn de Twadde Keamer mije woenen, hielendal Rutte", seit Faber. "Dat hie samar kind, dat hinget op ien, twa of trije stimmen. Se komme der no makliker út, mar net sterker. It hie sterker en keninkliker west as se it debat ôfwachte hienen."

Wankele posysje

It kabinet moat wol trochgean mei it coronabelied, fynt Faber. "Mar it kabinet hat wol in wankele posysje krigen. Want hoe tichter je by de ferkiezings komme, hoe grutter ek de profilearringsdriuw wurdt."

Yn it demisjonêre kabinet sitte trije politisy dy't foar de ferkiezings as listlûker op de partij steane: Mark Rutte, Wopke Hoekstra en Sigrid Kaag. Dat wylst PvdA-lieder Lodewijk Asscher him net mear ferkiesber stelt fanwege syn rol yn de taslagge-affêre. Wat Faber oanbelanget hoege de oare listlûkers dat net te dwaan: "De politike konsekwinsjes binne lutsen. De kiezers kinne har no útsprekke."

Faber: ferkiezings moatte letter

Wat Faber oanbelanget dogge de kiezers dat net yn maart, mar wurde de Twadde Keamerferkiezings útsteld. Neffens him is útstel fan in moanne as fjouwer needsaaklik no't bliken docht dat in protte kiezers it stimburo mije sille fanwege de coronapandemy. It soe gean om sa'n tsien persint fan it elektoraat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)