Justysje easket 5 jier sel tsjin man dy't styfdochter jierrenlang misbrûkte

15 jan 2021 - 19:07

It Iepenbier Ministearje easket fiif jier selstraf tsjin in 49-jierrige man út Noardwâlde, dy't syn minderjierrige styfdochter neffens justysje 'op gruwelijke wijze' misbrûkt hat.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Op har tolfde jierdei soe it slachtoffer foar it earst misbrûkt wêze. Yn de jierren dêrnei die de man dat alle wiken, soms ferskate kearen yn de wike. It slachtoffer die yn april 2018 oanjefte. De fertochte woe neat sizze. Yn petearen by de reklassearring en in psycholooch spruts de man it misbrûk tsjin, mar by de plysje en yn de rjochtbank swijde er.

Misbrûk fûn thús plak

Neffens offisier fan justysje Eelco Jepkema woe de man "geen enkele verantwoordelijkheid" nimme. Dat naam er mei yn de strafeask, krekt as it feit dat de fertochte it slachtoffer meastentiids thús misbrûkte. "De plek waar ze zich bij uitstek veilig moest voelen", sei de offisier. It slachtoffer seach de fertochte as heitfiguer.

"Hij heeft door zijn handelen op onbeschrijfelijke manier misbruik gemaakt van het vertrouwen dat zijn stiefdochter in hem had", sei Jepkema. It slachtoffer hat noch troch it misbrûk in posttraumatyske stresssteurnis. Jepkema dêroer: "Het gaat nooit weer weg."

(Advertinsje)
(Advertinsje)