Kandidatelist PVV foar ferkiezingen bekend: Max Aardema op 47

15 jan 2021 - 18:56

Frysk Steatelid Max Aardema stiet op plak 47 fan de kandidatelist fan de PVV foar de Twadde Keamerferkiezingen. Ald-Frjentsjerter Sietse Fritsma stiet alfde.

Max Aardema (PVV) - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit Rijpma

De Drachtster Aardema sit sûnt 2011 yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Hy is dêr fraksjefoarsitter fan de PVV. Aardema hat ek yn de Earste Keamer sitten, as ferfanger fan Martin van Beek. Dat wie er oant 2019.

Sietse Fritsma komt fan Frjentsjer. Hy sit sûnt 2006 yn de Twadde Keamer. Yn 2019 gong er derút, mar in jier letter kaam er werom om Gabriëlle Popken te ferfangen. No stiet er dus opnij op de list.

Yn de lêste peilingen krijt de PVV tusken de 18 en 22 sitten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)