Krityk op yngripende besiteregels yn Fryske soarchsintra

Fryske soarchsintra hâlde as rjochtline oan om ien kear besite yn de wike ta te stean. Dat ha de soarchorganisaasjes en it RONAZ (Regionaal Overleg Niet-Acute Zorg) freed ôfpraat. Mar mei in wichtige útsûndering: maatwurk bliuwt mooglik. Organisaasjes bepale sels as se fan dy rjochtline ôf sjogge. Dochs is de Stichting Onnodige Vrijheidsbeperking in de Zorg net wiis mei de lêste ûntwikkelingen.
© Omrop Fryslân
Bert Bokma (RONAZ) en Berber Bijma (Stichting Onnodige Vrijheidsbeperking in de Zorg)
Berber Bijma, oprjochter fan dy stichting, is kritysk op de ôfspraken fan de soarchsintra. "Ik begryp hiel goed dat der wat gebeure moat. Wat yn Surhústerfean gebeurt is in rampsenario, dat wolle we foarkomme." Mar it giet no wol hiel bot, fynt se. "Ik bin fernuvere dat dit tongersdei yn in flok en in sucht regele is foar hiel Fryslân. Mar Surhústerfean leit tichter by Grins as by Harns of Balk. De GGD hat dit no advisearre en de bestjoerders ha it oernaam."
Bijma fynt it nuver dat de kliïnterieden net heard binne. "In kliïnteried moat dan wol fan hiele 'goeden huize' komme om dit noch tsjin te hâlden. Yn de praktyk binne se bûtenspul set."

Utsûnderingen mooglik

Der binne dus wol útsûnderingen mooglik, seit Bert Bokma fan it RONAZ. "We gaan met de zorgaanbieders van gehandicaptenzorg in gesprek hoe je daar invulling aan geeft. Er zijn situaties denkbaar waarbij het niet menselijk is om een bewoner familiecontacten te ontzeggen. Dus dat laten we aan de organisaties zelf, maar we zijn het erover eens dat we in een heel ernstige situatie zitten."
Bijma rjochte har stichting ferline jier op nei de earste lockdown. "Doe mocht yn it iene hûs alwer in hiel soad, yn it oare hûs wie dat folle minder. Troch kontakt te sykjen mei de ynspeksje en de media ha ik besocht om dêr feroaring yn te krijen." Se fynt dat de maatregels fan no better binne as ferline jier, doe't alles op slot gong.
Sa'n situaasje wol Bokma ek perfoarst foarkomme. "Dat is niet een menselijke of wenselijke situatie. Maar de Britse variant is wel een enorme bedreiging. Daarom doen we alles wat we kunnen om te voorkomen dat we in eenzelfde situatie komen zoals in Engeland en Ierland."

Belangryk om te praten

Dochs moat goed tocht wurde oan it minsklike aspekt, seit Bijma. "It klinkt hiel logysk: feilichheid foar alles. Mar we ha yn it foarjier wat dat betsjut, wat it mei minsken docht. Aldere minsken witte dat se yn de lêste faze fan har libben sitte. In soad minsken giet it der net om dat se perfoarst yn libben holden wurde, mar dat se in goede lêste faze ha. Dat is hiel dreech no. Want de doarren hielendal iepen, kin ek net. Dat begripe we allegear. Dêrom is it ek sa belangryk dat we hjiroer prate."