GGD test 400 soarchmeiwurkers fanwege útbraak yn soarchsintrum Surhústerfean

15 jan 2021 - 23:00

De GGD Fryslân test sneon yn Drachten 400 soarchmeiwurkers dy't yn kontakt west ha mei minsken yn 't Suyderhuys, it soarchsintrum yn it Surhústerfean dêr't de Britske fariant fan it coronafirus fêststeld is en dêr't hast hûndert minsken posityf test ha op it firus.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

Personiel fan 't Suyderhuys wurdt sneon test op de GGD-testlokaasje yn Drachten. Dat binne 255 soarchmeiwurkers dy't de ôfrûne trije wiken yn kontakt west ha mei kwetsbere bewenners. It giet ek om meiwurkers fan de thússoarch en oare meiwurkers, lykas dokters en fysioterapeuten.

Noch mear meiwurkers teste

Dêrnjonken test de GGD ek previntyf 147 oare soarchmeiwurkers yn de regio. Ut boarne- en kontaktûndersyk hat bliken dien dat der in link is mei 't Suyderhuys.

De lêste stân fan saken is dat 45 bewenners fan 't Suyderhuys besmet binne mei it coronafirus. Der binne ek mear as 50 meiwurkers besmet. Der binne fjouwer bewenners stoarn oan it firus.

Bestjoerder Jan Maarten Nuijens oer de situaasje yn 't Suyderhuys

De útslaggen fan dy testen moatte begjin takom wike bekend wêze. Dêrnei set de GGD 'gerichte vervolgstappen'.

By sokke ûndersiken yn Brabân en Gelderlân hie minder as ien prosint fan de besmette persoanen de Britske fariant fan it firus. Yn de regio Rotterdam wie dat fiif persint.

GGD Fryslân krijt help

By it ekstra boarne- en kontaktûndersyk krijt de GGD Fryslân de kommende tiid help fan GGD'en út oare regio's.

(Advertinsje)
(Advertinsje)