Van der Heide werom by SC Cambuur: "Ik was compleet gesloopt"

15 jan 2021 - 17:45

Sandor van der Heide sit oer twa of trije wiken wer op de bank by SC Cambuur. De assistint-trainer kaam trije moannen lyn thús te sitten mei in soarte fan burn-out. No giet it de goeie kant wer op, mar Van der Heide leveret wol oeren yn.

Sandor van der Heide is werom:

Sneon is der yn it Cambuur Sjoernaal in langere reportaazje te sjen oer Sandor van der Heide, njonken in foarbeskôging op de wedstriid tsjin NEC, dy't SC Cambuur snein spilet. Wis is dat de Ljouwerters yn elts gefal oanfierder Erik Schouten misse moatte.

Werom nei dy dei yn oktober dat Van der Heide training oan it jaan wie. Gewoan, sa as altyd. "Vanuit het niets kreeg ik hartklappers, zo voelde het. Het hield een tijdje aan en op een gegeven moment begin je te denken: wat is hier nu aan de hand?"

Compleet gesloopt

"Ik ben naar huis gegaan en op bed gaan liggen. Toen werd ik de volgende ochtend wakker en was ik helemaal gesloopt. Ik heb wat eten gehad en toen ben ik weer op bed gaan liggen. De dag erna werd ik weer wakker. Ik was compleet gesloopt."

In dei letter melde Van der Heide him by de dokter. Nei in pear ûndersiken, dêr't neat skokkends út nei foarren kaam, lei de âld-fuotballer út hoe't syn dagen derút seagen. Dy wiene foar in grut part fold mei wurk. By Cambuur, en as mei-eigener fan fiif escaperooms. "Dat bleek net wat teveel te zijn."

"Als je het zelf gaat bekijken, denk je wel: dit kan niet. Ik was vier, vijf jaar lang 24/7 aan het werk. Op een gegeven moment zegt het lichaam: dit moet maar even anders."

Foto: Orange Pictures

De warskôging dy't er fan syn lichem krige, hat Van der Heide oppakt. "Het moet vanaf nu gewoon anders, that's it." Mei as gefolch dat hy noch mar trije dagen yn de wike wurkje sil by de Ljouwerter fuotbalklup.

Hy is der de ien-nei-lêste en lêste training foar in wedstriid by, en yn de kompetysje nimt er wer plak op de bank njonken Henk de Jong.

Ien dei yn de wike: neat

Van der Heide sil ek minder tiid stekke yn de escaperooms. "Zodat je een dag in de week niets hebt. Daar kijk ik wel naar uit, eerlijk gezegd."

Hy hat ôfpraat dat er fan febrewaris ôf wer by wedstriden op de bank sit. Hokker't syn earste wurdt, moat noch besjoen wurde. Dat soe op 31 jannewaris MVV-thús wêze kinne of op 8 febrewaris Jong Ajax-út.

Yndianeferhalen

Doe't Van der Heide der de ôfrûne moannen net wie, hat er him steurd oan de yndianeferhalen dy't oer him rûngiene. "Ik zou terminaal zijn of dat soort gekke toestanden. Mensen, verzin gewoon niets zelf. Het werkt heel irriterend dat mensen zelf dingen verzinnen, dat ergens neerklappen en dat wordt dan overgenomen. Doe normaal, ik ben niet terminaal, ik ben niet ziek, ik heb gewoon teveel gewerkt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)