Robin Maulun twa jier langer by SC Cambuur

15 jan 2021 - 17:44

Middenfjilder Robin Maulun ferlinget syn kontrakt by Sportklup Cambuur. De 24-jierrige Frânsman teneket by oant 2023.

Robin Maulun - Foto: Orange Pictures

Maulun makke yn de simmer fan 2018 de oerstap fan Trélissac yn Frankryk nei de Ljouwerters. Hy hat yn totaal 70 kompetysjewedstriden spile foar Cambuur, dêryn hat er tolve kear skoard en njoggentjin assists jûn.

"Robin is een gewaardeerde kracht en kan mijn zijn kwaliteiten het verschil kan maken", seit technysk manager Foeke Booy. "Hij heeft een goede ontwikkeling doorgemaakt en wij hebben er alle vertrouwen in dat hij samen met de club verder door kan groeien."

Dit wykein wer by de seleksje

Maulun miste de ôfrûne wedstriden fan Cambuur, nei't er twa wiken lyn posityf teste op it coronafirus. Snein sit er wer by de seleksje. Dan spilet Cambuur de útwedstriid tsjin NEC.

(Advertinsje)
(Advertinsje)