Johnny Jansen fynt krityk logysk, mar hâldt fêst oan eigen oanpak

15 jan 2021 - 16:55

In ploech dy't hast gjin punten pakt krijt krityk. Assistint-trainer Hennie Spijkerman fan SC Hearrenfean wie nei ôfrin fan it duel mei RKC realistysk: "We hebben nu al zo lang niet gewonnen, dan is het logisch dat er kritiek komt. Dat vind ik niet meer dan normaal."

Johnny Jansen oer de krityk:

Alle fuotbaltrainers yn Nederlân witte yntusken wol hoe't se Hearrenfean bestride moatte, want sawat eltse oanfal begjint by Joey Veerman en Henk Veerman is it einstasjon. Skeakelje je de twa Volendammers út, dan leit in goed resultaat foar it gripen. En dus moat de technyske stêf gau wat nijs betinke, want dit wurket net mear.

Haadtrainer Johnny Jansen: "Dat zou kunnen, maar ik geloof in deze aanpak. We moeten gedisciplineerd zijn in het verdedigen en vanuit daar counteren. Als wij tegen RKC wat beter waren geweest in de eindpass, dan hadden we veel meer countermomenten kunnen benutten."

Als het goed gaat krijg je schouderklopjes en als het niet goed gaat, dan krijg je kritiek. Dat mag, dat vind ik helemaal niet erg.

Johnny Jansen
Johnny Jansen - Foto: Orange Pictures

No't de resultaten al lange tiid útbliuwe, nimt de krityk fan bûten ta. Jansen wit dat dat derby heart. "Als het goed gaat krijg je schouderklopjes en als het niet goed gaat, dan krijg je kritiek. Dat mag, dat vind ik helemaal niet erg. Maar ik probeer me te focussen op het elftal en niet op de randzaken, want het team heeft mijn energie nodig."

Wat is der oan de hân mei SC Hearrenfean? De ploech dy't mei 16 punten út de earste sân wedstriden sa'n goeie kompetysjestart hie. Mar dy moaie start leit al fier efter ús, de lêste oerwinning datearret fan 1 novimber. Hearrenfean is dwaande mei in frije fal.

Henk Veerman is 'moedeloos'

"Als we het wisten waar het aan ligt, dan hadden we er allang wat aan gedaan. Ik ben nu vooral heel moedeloos", seit Henk Veerman nei it 1-1 lykspul tsjin RKC Waalwijk. "We moeten terug naar de tekentafel om een creatief plan te verzinnen om uit deze situatie te komen."

Je soenen de útspraak fan de kluptopskoarer opfetsje kinne as ferkapte krityk op it taktysk plan fan de technyske stêf.

"Zo voel ik dat niet", seit Jansen. "Ik heb het er nog wel met Henk over gehad. Als het gaat over verdedigen, dan vind ik ook dat we dat op sommige momenten beter kunnen doen. Als Henk zegt dat dat minder is, dan heeft hij daar gelijk in, want dat vind ik ook. Dus als hij zegt dat we naar de tekentafel moeten om die dingen beter uit te voeren, dan ben ik het daar mee eens."

Yrritaasje ûnderling

Troch de falske start yn 2021, mei it ferlies tsjin Fortuna Sittard (1-3) en it lykspul tsjin RKC (1-1), bliuwt it segryn hingjen yn it Abe Lenstra stadion. Dat is ek te fernimmen oan de spilers op it fjild. De sichtbere yrritaasje en frustraasje as in bal samar by de tsjinstanner ynlevere wurdt, is net goed foar de teamspirit.

Johnny Jansen: "Je mag elkaar natuurlijk wel de waarheid vertellen, je mag kritisch zijn, maar je moet elkaar niet afvallen. We zitten nu in een lastige fase en als je dan alleen maar op elkaar gaat lopen afschuiven, daar wordt het allemaal niet beter van. We moeten elkaar juist never-nooit-niet laten verzuipen. Vanuit daar moeten we dan weer gezamenlijk succes halen."

Ik zag het totaal niet aankomen.

Jan Paul van Hecke oer syn plak op de bank

Jan Paul van Hecke wie troch Johnny Jansen tsjin RKC bûten de ploech litten. De robúste ferdigener siet op de reservebank. It is in sinjaal fan Jansen om sjen te litten dat it him mienens is en dat gjin inkelde spiler wis is fan in basisplak. Boppedat is der mei Dresevic efteryn mear fuotbaljend fermogen.

Van Hecke: "Eerlijk gezegd zag ik het totaal niet aankomen en ik begrijp het ook niet. De trainer vertelde het net voor de wedstrijd, toen zat ik wel in de emotie en was het beter om even niks terug te zeggen. Ik ben het er ook niet mee eens, maar het enige wat ik kan doen is mezelf terugknokken in het elftal."

Jan Paul van Hecke VVVHEE

Sneon nimt Hearrenfean it op tsjin VVV-Venlo. Dat is de nûmer 14, mar de ploech út Limboarch hat mei Georgios Giakoumakis wol de topskoarer fan Nederlân yn 'e ploech. De Gryk skoarde dit seizoen al 16 kear en rint dêrmei ien op ien.

Bochniewicz ken Giakoumakis

Jansen: "Hij maakt de goals, maar hij wordt natuurlijk ook bediend, dus dat moet eruit worden gehaald. En het is belangrijk dat je hem scherp gaat verdedigen. Nou is het zo dat Pawel (Bochniewicz, red.) met hem heeft gevoetbald in Polen, dus ik hoop dat Pawel alle trucjes kent om hem te bespelen."

Jansen woe freed de opstelling noch net frijjaan. Hy seit wol dat er it duo efteryn Dresevic en Bochniewicz stean lit. De nije linksback Rami Kaib sit foar it earst by de wedstriidseleksje.

VVV - SC Hearrenfean begjint sneintemiddei om 14.30 oere en is live te hearren yn it radioprogramma Snein yn Fryslân. It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)