Opfang De Harkema komt om yn de nije skyldpodden

15 jan 2021 - 16:18

De skyldpodde-opfang yn De Harkema komt om yn de oanfragen om skylpodden op te nimmen. Dat komt omdat in oare opfang yn it midden fan it lân opholden is mei it opfangen fan faak-foarkommende skyldpodden dy't eins net yn Nederlân thús hearre.

Foto: Shutterstock.com / Photo Africa SA

Foaral yn de simmer wurde in soad skyldpodden fûn. Dêrom wol de opfang yn De Harkema avesearje mei it bouwen fan in twadde binnenferbliuw. De opfang hat in donearaksje opset, sa't der takom simmer wer genôch romte is foar wetterskyldpodden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)