Tal coronabesmettingen sjit wer de loft yn: measten yn Achtkarspelen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 271 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne tritich mear as tongersdei, doe't 241 gefallen meld waarden. It deistige trochsneed de ôfrûne wike is 211.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel fêststeld yn de gemeente Achtkarspelen: 46. Yn dy gemeente stiet 't Suyderhuys, it ferpleechhûs mei yn totaal 45 besmette bewenners en mear as 50 besmette meiwurkers.
© Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
Nei Achtkarspelen binne de measte besmettingen meld yn Ljouwert en Smellingerlân mei 35.

Feestjes mei âld en nij

Dat it firus him dizze dagen sa hurd ferspriedt yn it Easten en Noardeasten fan de provinsje, komt neffens de GGD ûnder oare troch in grut tal feesten mei âld en nij yn dy regio. De GGD makket him dêr grutte soargen oer. Dy grutte soargen ha se ek oer de Britske fariant, dy't fêststeld is yn Surhústerfean.
Omrekkene nei it tal bewenners, binne de ôfrûne wike de measte besmettingen fêststeld yn Achtkarspelen, Skylge, Smellingerlân, Tytsjerksteradiel, Noardeast-Fryslân en Dantumadiel.
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus, dat giet om ynwenners fan Ljouwert en Súdwest-Fryslân.
Der binne fjouwer nije pasjinten yn it sikehûs opnommen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren, ynwenners fan Achtkarspelen, Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Noardeast-Fryslân.

Lanlik om trochsneed hinne

Lanlik binne de ôfrûne 24 oeren 6.093 besmettingen fêststeld, sa'n 450 minder as tongersdei en ûngefear like folle as it trochsneed.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.