Gemeenten wolle mei mekoar stride tsjin Den Haag om 'ferplichte' gas- en sâltwinning

15 jan 2021 - 15:15

Gemeenten wolle mei mekoar in fûst meitsje tsjin gas- en sâltwinning. Dat seit wethâlder Hanneke Zonderland fan Weststellingwerf. Se fynt dat de belangen fan ynwenners no net genôch meinaam wurde.

Gemeenten en actiegroepen in het noorden willen nieuwe mijnbouwwet

Zonderland reagearret op in oprop fan wethâlder Klaas Smidt út de Drintske gemeente Westerveld. Dy wol dat gemeenten har ferienigje yn de striid tsjin de mynbou. De gemeente Steenwijkerland yn Oerisel slút him ek graach oan by it ferbûn, seit wethâlder Tiny Bijl.

De juridyske wei rint dea

Gemeenten besykje al jierren om mear ynfloed te krijen op de belútfoarming en fergunningsferliening. Tsientallen kearen binne se nei de rjochter stapt, oant de Ried fan Steat oan ta, mar dat hat gjin inkeld resultaat hân. Hieltyd mear gemeenten lûke har no werom, omdat de prosedueres in protte tiid en jild kostsje, mar noait wat opsmite.

RTV Drenthe en Omrop Fryslân en RTV Oost binne al langer dwaande mei it gaswinningsdossier yn de grinsgebieten fan de trije provinsjes, de lytse gasfjilden en de sâltwinning. Ferslachjouwers Oscar Siep, Hayo Bootsma en Serge Vinkenvleugel sammelen de ôfrûne tiid in soad ferhalen. Wat al dy ferhalen mienskiplik hawwe is: frustraasje.

De problemen spylje benammen yn Fryslân, Drinte en de Kop fan Oerisel. De gemeenten yn dizze regio's wolle no mei mekoar tawurkje nei in wiziging fan de mynbouwet.

Alle mynbou slute

Boargemaster Marcel Thijssen fan de gemeente Tynaarlo yn Drinte is derfan oertsjûge dat de belangen fan ynwenners swierder meiwage wurde soene, as der no in nije mynbouwet makke wurde soe.

Thijssen is hiel stellich. As Den Haach de hâlding net feroaret, is hy derfan oertsjûge dat de publike opiny oer gaswinning sa sterk wurde soe, dat der noch mar ien mooglikheid oerbliuwt: alle mynbou slute.

(Advertinsje)
(Advertinsje)