Cambuur makket him op foar wedstriid tsjin NEC: "It sil swier wurde"

SC Cambuur spilet sneintemiddei út tsjin NEC yn Nijmegen, mar oanfierder Erik Schouten ferskynt net op it fjild. Hy is blessearre. De Jong: "Wy moatte mei dy blessuere foarsichtich wêze. Soe hy wol spylje, dan bestiet de kâns dat it slimmer wurdt en dan binne wy Erik wiken kwyt. Dat wolle wy net." Joris Kramer nimt it plak fan Schouten yn. Ragnar Oratmangoen hat ek wer lêst krigen fan in blessuere en is noch in twivelgefal.
Trainer Henk de Jong
De Ljouwerters reizgje sneontemiddei al nei Nijmegen, sa't der yn alle rêst tawurke wurde kin nei de wedstriid. Trainer Henk de Jong: "Eins is ús tarieding by útwedstriden better as by thúswedstriden. Wy ride sneon moai rêstich dy kant op, binne byinoar en kinne ús yn alle rêst tariede op de wedstriid. Dat hawwe we by thúswedstriden net."
Oan de ein fan de training rekke Mees Hoedemakers ek noch blessearre. Dit falt lykwols ta. Neffens Henk de Jong kin Hoedemakers gewoan spylje. As Cambuur wint fan NEC dan is de ploech eksakt in jier sûnder ferlies yn útwedstriden. Maklik sil it lykwols net wurde, want NEC is ien fan de subtoppers yn de earste difyzje.

Knokke

Henk de Jong: "Ik sis it hast alle wiken, mar ek NEC hat in goeie ploech. In goed fuotbaljende ploech mei jonge talinten en de nedige ûnderfining. In goeie miks. En it sil swier wurde, want der wurdt snie ferwachte. Dan moat der knokt wurde. Wy hawwe earder sjen litten dat wy dat ek kinne, mar wy moatte ek fuotbaljen bliuwe."
Calvin Mac-Intosch
Calvin Mac-Intosch is ek no wer de fêste wearde yn it sintrum fan de ferdigening. Net mei Erik Schouten neist him dus, mar Joris Kramer. Gjin probleem, sa seit Mac-Intosch. "Ik heb al eerder met Joris gespeeld en dat ging heel goed." Mac-Intosch wit dat, hielendal by NEC, de jacht op de koprinner iepene is. "Dat klopt. Als je speelt tegen de koploper breng je net iets meer, dat heb zelf ook wel geregeld ervaren."

De titel

Mar der is ek in oare kant, sa seit hy. "Wij kunnen NEC een lastige tegenstander vinden, mar ik weet dat NEC ons ook een heel lastige tegenstander vindt." Calvin Mac-Intosch wol dit jier mar foar ien ding spylje: de titel. "Ik kijk dus naar de nummer twee. Die wil ik voor blijven. Dus kijk ik niet naar de nummer drie, ook al is een tweede plaats ook goed voor promotie. We waren vorig jaar zo ver, dat ik nu maar één doel heb: kampioen worden."