Gordyksters alle dagen twa kear yn aksje foar in fit begjin fan 2021

15 jan 2021 - 14:11

In nij jier, nije kânsen. Dat moatte in soad Gordyksters dizze jannewaris tocht hawwe, doe't se úteinsetten mei de #Fittestart2021 challenge. De útdaging is in inisjatyf fan sportsintrum Kortezwaag yn it doarp. It is de bedoeling dat de dielnimmers alle dagen twa kear 30 minuten bûten sporte. Dêrneist is der ek omtinken foar sûn iten en it beheinen fan alkoholkonsumpsje.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Joukje van Roeden is ien fan de dielnimmers oan de challenge. Oerdeis wurket se as griffy by in gemeente yn Drinte, en dus wie se fan miening dat se sels wol wat mear bewege mocht. "Ik haw in sittend berop en foar't ik it wit ferstiivje ik hielendal, en dat wie eins ek al it gefal. Doe tocht ik: dit moat oars. Ik moat in hurde klap derop jaan." En dus joech se har op foar de Fit Challenge.

Freedtemoarn binne wy foar dy challenge in blokje om by De Gordyk. In goede twa kilometer en in heal oere lekker fris derút, Van Roeden fynt it hearlik! "It leuke is dat je minsken tsjinkomme. Je kinne spitigernôch net mei se yn petear fanwege de coronamaatregels, mar it is wol in gefoel fan mienskip."

Kreatyf

De Fit Challenge is in idee fan sportsintrum Kortzwaag yn it doarp. Se meie fanwege de hjoeddeistige maatregels hast gjin sportlessen mear jaan, en dus waard der socht nei alternativen. By de sportskoalle sels binne twa grutte bûtenromtes reservearre foar yndividuele sporters. "De eerste golf was heel anders, toen was het lente en konden we best veel buiten doen. Ook groepslessen konden buiten", fertelt Marije de Leeuw fan it sportsintrum. "We kunnen nu veel minder, je mag maar met tweetallen." En dus moast der kreatyf neitocht wurde oer in oplossing.

It hjoeddeistige programma jout sporters de romte om op eigen gelegenheid, mar wol yn in mienskip, te sporten. Dêrnjonken binne by de sportskoalle sels hiele beheinde mooglikheden om ek in heal oere goed te bewegen. "We hebben plekken gereserveerd voor spinning en voor twee krachtcircuits, daarnaast gaan we nog hardlopen met twee mensen en nog wandelen met twee mensen." Al dizze sporten meie maksimaal mei twa minsken, en alles is bûten.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar te kuierjen mei Joukje van Roeden

De lessen by de sportskoalle jilde yn de #FitChallenge2021 as ien bûtenaktiviteit fan in heal oere. Yn totaal moatte de dielnimmers oan de challenge twa fan soksoarte bûtendoaraktiviteiten de dei dwaan. Dat hoecht lykwols net twa kear in drege spinningles te wêzen. In blokje om lykas wat Van Roeden docht is ek al goed.

De Fit Challenge wie in spontane aksje fan de sportskoalle, om dochs noch oan it wurk te bliuwen. "Mensen kunnen ook altijd nog meedoen. We hebben een Facebook-groep, als je extra gemotiveerd wil worden." Hjir komt ek in grut ferskaat oan tips op te stean. "We proberen bijvoorbeeld te inspireren tot gezond eten."

Joukje van Roeden is yntusken hast klear mei har earste heal oere bûtensporten, jûns komt faak diel twa mei har man. Dêrnjonken dielt se de challenge ek mei har dochter yn Zwolle, fia in grut ferskaat oan apps: "Ik moat myn dochter yn Zwolle op de hichte hâlde, want wy dogge fia Runkeeper in soad wedstriid. Sa peppe wy inoar op, dus se moat wol witte wat ik doch."

Harkje nei in petear mei Marije de Leeuw

Trefwurden: 
De Gordyk sport fitness
(Advertinsje)
(Advertinsje)