Freedsmerk oer Ingelske coronafariant: "Het wordt wel heel eng nu"

15 jan 2021 - 14:10

"Met die Engelse variant wordt het wel heel eng, nu." Sa reagearret ien fan de besikers fan de Ljouwerter freedsmerk op it nijs dat de Britske fariant fan it coronafirus no ek Fryslân berikt hat. In soad minsken fine dat ek. "Jo wurde no noch foarsichtiger. Mar ik fyn it wol dreech hear. Jo moatte dochs wat yn 'e hûs helje, no?"

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Fersachjouwer René Koster frege op de Freedsmerk nei it coronafirus

.x

In jonge frou fertelt dat sy eins net benaud is: "Ik wol net dat de eangst it oernimt, want dat fernielt ek myn 'mentale afweer'." In man yn in skootmobyl wie altyd al hiel foarsichtich omdat hy "te folle mankearret om risiko's te nimmen." Wol advisearret hy om fuortendaliks alle fleanfjilden te sluten.

In oar makket der mar in grapke fan: "We hadden ooit al eens de Engelse ziekte, dat was ook erg. Maar we houden nog steeds van Engelse drop, hoor. Misschien is dat verzachtend."

Jûnsklok tusken de keamer en de keuken

Oer de fraach oft in jûnsklok effektyf is om mear besmettings tsjin te gean, binne de mieningen ferdield. "Dan krije jo in ferskowing, dat lost neat op." In oar is noch dúdliker: "Net dwaan, dan krije jo problemen mei de jeugd." Mar ek: "Probeer het maar, want nu moet je gewoon alles doen om het te onderdrukken!"

Neffens ien fan de keaplju makket it foar syn eigen húshâlding net in soad út: "Dêr binne jûns net safolle bewegingen. Ja, tusken de keamer en keuken, mar dan hâldt it wol op."

Trefwurden: 
freedsmerk coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)