Yn totaal 4 stjergefallen yn 't Suyderhuys: "De situatie is nog niet 'brand meester'"

15 jan 2021 - 13:58

It totaal tal stjergefallen ta gefolch fan it coronafirus yn 't Suyderhuys yn Surhústerfean is oprûn ta fjouwer. By de útbraak fan it coronafirus yn it soarchsintrum is ûntdutsen dat in oantal bewenners de Britske fariant fan it firus hat. Dizze fariant is in stik besmetliker. Om it tal bewegings tsjin te gean, meie der de kommende trije wiken minder besikers yn de soarchsintra fan de KwadrantGroep komme.

Suyderhuys

Jan Maarten Nuijens, foarsitter fan de ried fan bestjoer fan de KwadrantGroep, dêr't 't Suyderhuys ûnder falt: "Ik kan niet zeggen dat we op dit moment in 't Suyderhuys al zo ver zijn dat we zeggen 'brand meester'. Dat is niet zo. Maar het is wel zo dat we er bovenop zitten."

Der binne yn fergeliking mei tongersdei gjin nije besmettingen fan it coronafirus ûnder de bewenners fan it soarchsintrum bykaam, fertelt Nuijens. Dat betsjut dat it tal besmette bewenners noch hieltyd 45 is. It tal besmette meiwurkers is yntusken wol oprûn ta mear as 50.

Foto: Ben de Jager, RTVNOF

"Dat is een hele grote aanslag, ook heel zorgelijk", sa seit Nuijens. Dit liedt dan ek ta drokte by de besetting fan it personiel, fertelt er. "Wel kunnen we gediplomeerden vanuit het hoofdgebouw inmiddels op die locatie inzetten. We zijn ontzettend blij dat mensen daartoe bereid zijn. Maar de druk op het personeel is erg groot."

Yn lockdown

It soarchsintrum, en ek alle oare lokaasjes fan de KwadrantGroep, gean dêrom yn lockdown. Dat betsjut dat der fan oankommende tiisdei ôf de kliïnt mar ien besiker yn 'e wike delkomme mei. De maatregel duorret oant de ein fan de lanlike lockdown, oant en mei 9 febrewaris. Saakkundigen fan de GGD advisearje ek om dizze maatregel te nimmen.

Dat is in yngripende maatregel, ien dy't neffens Nuijens net 'oer ien nacht iis' makke is. "We proberen de bewegingen zo veel mogelijk te beperken met deze maatregel. De toegang tot die locaties moeten we echt beperken om het virus onder controle te houden."

Alle kliïnten út 't Suyderhuys dy't noch net test binne, wurde test troch de GGD, sa fertelt Nuijens. Fan sneon ôf wurde ek alle meiwurkers dy't yn de ôfrûne trije wiken yn 't Suyderhuys wurke hawwe, test troch de GGD.

Jan Maarten Nuijens, foarsitter fan de ried fan bestjoer fan de KwadrantGroep

Ek oare soarchynstellingen yn Fryslân nimme ekstra maatregels. Sa jildt ek by soarchgroep Alliade dat er mar ien besiker yn de wike de kliïnt delkomme mei. Ek freegje se harren kliïnten om net mear byinoar op besite te gean.

De Fryske soarchynstellingen wolle mei mekoar ien belied ôfprate.

(Advertinsje)
(Advertinsje)